Parkeare op dak garaazje

18 okt 2006 - 15:28

Fan takom wike sneon ôf mei der op it Hearrenfean parkeard wurde op it dak fan de nije parkeargaraazje oan it Geerts Willigenplein. It beton fan de parkeargaraazje is dan úthurde, boppedat hoecht de oannimmer der net mear oan it wurk.

It giet om in tydlike maatregel foar de moannen novimber en desimber omdat der dan mear drokte is yn it sintrum fan it Hearrenfean. Op it dak jildt itselde taryf as yn it sintrum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)