Fytse-APK fan start

18 okt 2006 - 14:14

Bern fan de basisskoallen en fan it fuortset ûnderwiis kinne fan woansdei ôf fergees harren fyts kontrolearje litte by de fytsmakker. It startskot foar dy provinsjale aksje waard jûn by basisskoalle de Opslach yn Frjentsjer. Fytsmakkers kontrolearren dêr de fytsen fan bern fan de groepen 6.

Bern mei in goede fyts krije in spesjale APK-sticker. Mankearret der dochs wat oan in fyts, dan krije se in listje mei ferbetterpunten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)