Gearwurking Snitser skoallen

© Omrop Fryslân
De skoallen foar praktykûnderwiis yn Snits sille mear meiïnoar gearwurkje. Oanlieding dêrfoar is dat beide skoallen yn de rin fan 2008 byelkoar yn ien gebou komme. De Zuiderpoort en de Praktykskoalle Snits krije ûnderdak yn it hjoeddeiske gebou fan ROC Friese Poart oan de Brédyk.
De kommende tiid wurdt besjoen op wat foar gebiet der gearwurking komme kin. Dêrnei wurde âlden, personeel en meisizzenskipsrieden ynformearre.