'Soad boarterstunen net feilich'

Seis Fryske boartersplakken krije in min rapportsifer yn in ûndersyk fan de ANWB nei de feiligens. De boarterstún Brennerpark yn Ljouwert komt der noch it bêste ôf mei in 5,3. Dy oan de Achlumerstrjitte yn Ljouwert krijt it sifer 3,5. Ek twa plakken yn Harns en ien yn Wommels en De Lemmer krije in leech sifer.
Op basis fan de lanlike sifers lûkt de ANWB de konklúzje dat sawat de helte fan de boarterstunen net feilich is.