Jild Boalsert nei skoalgebouwen

18 okt 2006 - 11:06

De gemeente Boalsert lûkt takom jier in soad jild út foar nije skoalgebouwen. Dat stiet yn de begrutting foar takom jier. Fierder wurdt ekstra jild bestege oan in mienskiplik gebou foar de brânwacht en de plysje en oan ferbettering fan diken en fytspaden.

Boalsert rekkenet foar 2007 en 2008 op in tekoart. Yn 2009 en 2010 moat it better gean. De belestingen gaan takom jier mei twa persint omheech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)