Spul oer takomst wetterhoun

20 mrt 2012 - 17:02

Tsjinstanners fan it krusen fan de wetterhoun mei oare rashûnen rjochtsje in eigen feriening op. Se binne it net iens mei it beslút fan de NVSW, de Nederlânske Feriening foar Stabij -en Wetterhounen, om it stamboek fan de wetterhoun iepen te stellen. In mearderheid fan de leden wol dat, want der is tefolle ynteelt. Tsjinstanners binne benaud dat de spesifike kenmerken fan de wetterhoun dêrtroch ferdwine sille. By in bysûndere ledefergadering yn Putten giene de weagen heech; 74 leden stimden foar it krúsen mei oare rassen, 44 stimden tsjin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)