Nije Stayokay yn Snits

© Omrop Fryslân
Der komt in nij Stayokay Hostel yn Snits. Dat hat de stichting Oer 't Hout besluten. It gebou komt te stean oan de Houkesleat. De nij te bouwen lokaasje sil plak hawwe foar sa'n 200 minsken. De totale ynvestearring is in lytse 5 miljoen euro.
De stichting Oer 't Hout hat ek al twa Stayokay Hostels yn Fryslân: yn Grou en Heech. De stichting brûkt al in pear jier Herberg Wigledam yn Snits, mar dy is minder geskikt.