Nije tips oer moard Ooms

18 okt 2006 - 07:37

Televyzje-omtinken foar de moard op Marinus Ooms út Haulerwyk hat de plysje sa'n 15 nije tips opsmiten. Tiisdei waard op de Fryske en lanlike televyzje omtinken frege foar de moard op Ooms. De 51-jierrige man waard ferline wike woansdei dea fûn yn syn hús, hy wie stutsen mei in mes.

De tips gean oer saken dy't út it hûs fan Ooms fermist wurde, wêrûnder in jildkistje. Ek binne der tips kaam oer it slachtoffer sels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)