Ferwûne by oanriding De Hemrik

By in ûngelok op bedriuweterrein De Hemrik yn Ljouwert is tiisdeitemiddei in automobilist ferwûne rekke. By in botsing op 'e hoeke fan de Castor- en de Polluxwei kaam de bestjoerder fan in reade persoane-auto fêst te sitten. Hy moast troch de brânwacht út de auto helle wurde.
De helpferliening troch plysje, brânwacht en ambulânses kaam flot op gong. De man moast oerbrocht wurde nei it sikehûs yn Ljouwert.