Fergees nei SC Hearrenfean

17 okt 2006 - 14:41

Seishûndert ynwenners fan Kollumerlân kinne op freed 8 desimber fergees nei SC Hearrenfean-Roda JC. De gemeente hat dan in eigen fak yn it stadion. Kollumerlân is de earste fan njoggen Noard-Nederlânske gemeenten dy't soks meimakket.

SC Hearrenfean wol mear minsken in kâns te jaan in wedstriid by te wenjen. Nije minsken kinne oars amper oan in kaartsje komme. Ek Boarnsterhim en Dongeradiel hawwe belangstelling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)