Boetes begraffenisferienings

17 okt 2006 - 12:11

Fryske begraffenisferienings hawwe tûnenen euro's boete betelle oan 'e Belestingtsjinst. Dy hat nije regels ynfierd. No moat alle moannen oanjefte dien wurde, en dat wylst in soad fan de 219 Fryske begraffenisferienings mar in pear kear yn 't jier yn aksje komt.

De Fryske federaasje freget minister Zalm fan Financiën om lytse ferienings ien kear yn it jier oanjefte dwaan te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)