Jonges oppakt foar strjitrôven

Acht Ljouwerter jonges fan trettjin oant sechstjin jier binne oppakt foar strjitrôven yn harren wenplak. Ein septimber hawwe se leeftydsgenoaten mobile tillefoans, jild, sieraden en in trui ôfpakt. Ek in 33-jierrige Ljouwerter dy't krekt pind hie op 'e Nijstêd, moast syn jild ôfjaan.
Omdat ien fan 'e slachtoffers in oerfaller idintifisearre, koe de groep oanhâlden wurde. Se hawwe fjouwer strjitrôven bekend.