Museum ferlottet skilderij
It Frjentsjerter museum Martena ferlottet in skilderij fan Douwe Elias om de ynrjochting fan in nije seal te bekostigjen. De seal oer de skiednis fan Frjentsjer moat opnij ynrjochte wurde mei audiovisuele presintaasjes.
Leafhawwers kinne lotten keapje fan 50 euro it stik. Se meitsje dan kâns op it wurk 'Zicht op het Bolwerk' fan 'e Frjentsjerter keunstner. De aksje moat 17.500 euro opsmite.