Pechtold siket Fryske stimmers

Yn de Fryske polityk is D66 sûnt de lêste gemeenteriedsferkiezings net mear werom te finen. Toch wie listlûker Alexander Pechtold moandei yn de provinsje om stimmen te winnen foar de kommende ferkiezings.
Hy gie ûnder oaren nei it Van Hall Instituut yn Ljouwert om te diskusjearen en wie in oere lang op Omrop Fryslân te hearen oer syn fyzje op Fryslân. Ek tiisdei is Pechtold noch yn Fryslân om kampanje te fieren.