Garnalefiskers fiere aksje
Garnalefiskers hâlde fan woansdei ôf op mei harren wurk. De fiskers fiere aksje, omdat se wolle dat de priis per kilo minimaal trije euro wurdt. Neffens de garnalefiskers kinne se oars net rûn komme.
Der binne in soad keaplju dy't in kilo garnalen foar twa euro ferkeapje. It Nederlânske fiskersbûn stipet de aksje.