Mear plysje en oprop dieders

16 okt 2006 - 16:00

Skarsterlân ropt ynwenners fan de gemeente dizze wike fia de Jouster Krante op om har te melden as se wat witte oer de brannen op De Jouwer. Ek wurdt der ekstra plysje ynset.

De lêste moannen steane der geregeld konifearen yn 'e brân. It fjoer is yn alle gefallen oanstutsen. Sneontemoarn rekke in 78-jierrige ynwenster fan de Jouwer ferwûne by in brân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)