Wer nije fariant Suderseeline

16 okt 2006 - 14:49

De stjoergroep Suderseeline is wiis mei de berekkenings fan minister Peijs fan ferkear oer in goedkeapere hege- snelheidstrein. Dêrmei kin in oere wûn wurde tusken Schiphol en Grins.

Twa kear per oere komt der in flugge trein fanút Grins, dy't Drachten oerslacht. In gewoane trein kin dan ek twa kear per oere ride en wol Drachten oandwaan. De trein wurdt yn Hearrenfean splitst yn in diel dat nei Ljouwert giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)