Turners kinne troch nei WK 2007

© Omrop Fryslân
De Nederlânske turnmanlju hawwe harren pleatst by de bêste 24 lannen fan 'e wrâld. De ploech mei De Lemsters Epke en Herre Zonderland turne sneon yn it Deenske Aarhus op it WK. De útslach kaam sneintejûn let.
It wachtsjen op it einresultaat waard beleane mei in 23ste plak. Dat is goed genôch om takom jier op it WK fan Stuttgart út te kommen. Dêr kin dan wer de striid levere wurde foar in plak op de Olympyske Spelen fan 2008.