Fragen plysje oan Haulerwyksters

16 okt 2006 - 12:23

Alle ynwenners fan Haulerwyk krije moandeitemiddei in brief fan de plysje, mei de fraach oft se mear witte oer de moard op Marinus Ooms. De man waard woansdei fûn yn syn hûs oan de Slotemaker de Bruineweg. Hy wie mei in mes om it libben brocht.

De plysje hat yntusken útfûn dat der út syn hûs guod ferdwûn is. Of dat mei de dea fan Ooms te krijgen hat, is net wis. Mooglik komt der mear yn Plysjepost of Opsporing Verzocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)