Brânfertochten ûnskuldich

© Omrop Fryslân
De beide fertochten dy't sneontemoarn betiid oanhâlden binne nei de brânstichting op de Jouwer, ha neat mei de brân te krijen. Ien fan beide, in 26-jierrige man út Skarsterbrêge, sit lykwols noch fêst omdat hy wat harddrugs by him hie. De 25-jierrige Jouster is wer frij.
By de brân sneontemoarn rekke de 78-jierrige bewenster fan it hûs ferwûne. Sy leit noch hieltyd op de intensive care.