Fragen CDA oer drugsfoarsjenning

16 okt 2006 - 11:42

It CDA yn Ljouwert kin him foarstelle dat omwenjenden fan it Vliet yn Ljouwert harren tsjin de plannen foar in medysk behannelsintrum foar harddrugsferslaafden keare. De buert hat it gefoel dat plysje en gemeente der mar net yn slagjen om de al besteande oerlêst fuort te nimmen.

It CDA wol witte oft der gjin oare opsjes binne en hokker rol it kolleezje spile hat by de lokaasjekeuze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)