Fernielings yn gymseal Harkema

16 okt 2006 - 10:46

Yn de gymseal oan de Nijkamp op 'e Harkema binne it ôfrûne wykein ferskate saken fernield.

In foarbygonger seach sneintemiddei dat der trije ruten oan de achterkant fan it gebou stikken slein wiene. De man warskôge de plysje. Dy kaam derachter dat der ek noch in rút fan it húske en in rút fan de gymseal fernield wiene. Yn de seal wiene ûnder oare de gordinen en finsterbanken stikken makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)