Sechde plak foar rolstoeldûnsers

© Omrop Fryslân
Hylke van der Schoot en Esther Westmaas fan sportferiening DOW út Ljouwert hawwe it ôfrûne wykein by it WK rolstoeldûnsjen it sechde plak helle. Oan it WK yn Papendal diene 90 selektearre pearen út 17 lannen mei.
Hylke en Esther diene mei op it ûnderdiel duo-dûnsjen, dat betsjut dat beide dûnspartners yn in rolstoel sitte. Der waarden ûnder mear in Ingelske Wals, in samba en in jive dûnse.