Inge Dekker op dreef yn Aken

16 okt 2006 - 07:29

Inge Dekker hat dit wykein prima presteard op it ynternasjonale swimfestival yn Aken. Se ferbettere har toernoai-rekord op de 100 meter flinterslach nei in tiid fan 57,98 tellen en dêrnei swom se in prima tiid op de 200 meter frije slach, nammentlik 1.57.03.

Sneon hie se ek al grutte yndruk makke op de 50 meter frije slach en de 50 en 200 meter flinterslach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)