Heracles - Hearrenfean: 1-0

© Omrop Fryslân
Sportklub Hearrenfean spile snein yn Almelo tsjin Heracles. De Feansters ferlearen de wedstriid mei 1-0. In benutte strafskop fan 'e Braziliaan Everton Ramos da Silva yn de 34e minút fan de earste helte wie genôch foar de folle winst foar Heracles. Zuiverloon feroarsake de penalty.
It wie al de sechde strafskop yn sân wedstriden dy't Hearrenfean tsjin krige. De klub hat al fiif wedstriden net mear skoard.