Sutelaksje leveret minder op

Stifting It Fryske Boek ferwachtet dit jier sa'n 206.000 euro op te heljen mei de sutelaksje. Dat is hast 15.000 euro minder as ferline jier. Doe waarden der goed 25.000 boeken ferkocht. Der binne ek ljochtpuntsjes.
Sa waard der yn Grou foar goed 8000 euro oan boeken ferkocht. De populêrste boeken binne 'De Oerpolder' fan Hylke Speerstra en 'It liet fan de Ibis' fan Koos Tiemersma. Takom wike sneon is de ôfsluting yn Drachten.