Aksje foar reekmelders

De kommende wiken fiert de Fryske brânwacht aksje om reekmelders ûnder de oandacht te bringen. Alle jierren falle der sa'n fjirtich deaden by brannen yn wenhuzen. Goed 700 minsken reitsje dêrby ferwûne.
Dat oantal kin omleech as minsken in reekmelder brûke. Ofrûne wykein fierde de brânwacht aksje yn it sintrum fan Ljouwert. Minsken koene dêr yn in tinte ûnderfine hoe't it is om yn de reek en it tsjuster it paad te finen.