Kampanje foar rôffûgels

15 okt 2006 - 15:07

Op inisjatyf fan de Fryske Miljeufederaasje start der takom jier in twa jier duorjende publykskampanje tsjin de rôffûgelferfolging yn Fryslân. Rôffûgels wurde hjir noch mear as yn oare provinsjes ferfolge.

En dat wylst it hiel min giet mei in soad rôffûgelsoarten. De kampanje 'Rôffûgels yn byld' bestiet út kursussen, ekskurzjes, projekten op basisskoallen en in rôffûgelsjoernaal op de webside fan de Miljeufederaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)