Yllegale fûgelfangst en -hannel

© Omrop Fryslân
Wylde fûgels yn Noardeast-Fryslân wurde op grutte skaal it slachtoffer fan yllegale fangst en hannel. Dat seit it miljeuteam fan de Fryske plysje. It giet om plakken lykas De Harkema en Koatstertille.
Nei ferhalen oer dizze praktiken die by kontrôles al gau bliken dat de measte foljêrehâlders de saken net goed foar inoar hiene. Der wurdt ek grof jild fertsjinne mei de fûgel- hannel. Sneon wie der ek in kontrôle.