Fjochtpartij op It Hearrenfean
Trije manlju binne yn de nacht fan sneon op snein oanhâlden op It Hearrenfean. De manlju út Drachten, It Hearrenfean en Dokkum wiene belutsen by in fjochtpartij tusken twa groepen op de Crackstrjitte.
De beide groepen hiene al earder spul hân yn in kroech. Dat bêde gau wer del. Eefkes letter rûn it wer út de hân en hat de plysje yngrypt. Tsjin de trije manlju wurdt proses-ferbaal opmakke.