Brânstifting yn Ljouwert

15 okt 2006 - 13:44

Yn de hortinsjestrjitte yn de Ljouwerter wyk Huzum is sneontenacht besocht in auto yn de brân te stekken. In tsjûge seach dat in ûnbekende man in bestelbuske yn de brân besocht te stekken. It fjoer is út himsels útgien.

De plysje koe de fertochte net mear fine. Begjin dit jier giene der yn deselde wyk yn Ljouwert in tsiental auto's yn flammen op. Twa manlju binne dêrfoar oanhâlden. Undersocht wurdt oft der in ferbân is tusken de saken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)