Premjêre Fryske Faginamonologen

15 okt 2006 - 13:40

Yn it Natuermuseum yn Ljouwert is sneontejûn de Fryske ferzje fan de faginamonologen yn premjêre gien. Sa'n 150 besikers kamen op de foarstelling fan toanielgroep Sater ôf.

De faginamonologen gean oer de kwetsberens fan de frou en oer de fagina as boarne fan libben. De monologen binne ek bedoeld as protest tsjin geweld tsjin froulju. It stik wurdt noch op ferskate plakken spile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)