Cambuurtrener B1 delslein

© Omrop Fryslân
By de wedstriid Flevo Boys B1 en Cambuur Ljouwert B1 sneon is Cambuur- trener Marius Hendriks troch de trener fan Flevo Boys bewusteleas slein. Oan 'e ein fan de wedstriid by in 4-3 foarsprong foar Cambuur waard Hendriks oanfallen. Hy wyt net wat de reden wie en hat noch gjin oanjefte dien.
In wedstriid yn de klasse 6A waard sneon staakt troch de skiedsrjochter. Neffens him hiene de beide partijen gjin respekt foar inoar.