Achmea Ljouwert net yn problemen

14 okt 2006 - 15:27

De grutte reorganisaasje by soarch- fersekerder Achmea hat gjin grutte gefolgen foar de Achmea-ûndernimmings yn Ljouwert. It giet dan om FBTO en Avero/Achmea.

Lanlik wol Achmea de kommende jierren 1200 fan de 3600 banen skrasse. De ynfiering fan it nije soarchstelsel hat de fersekerder in soad jild koste. Alle moannen is der sa'n 15 miljoen euro ferlies. Achmea is ien fan de grutste fersekerders fan Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)