Dûmny Smilde krijt Fryske Anjer

13 okt 2006 - 17:22

Dûmny Bernard Smilde hat freed op it Provinsjehûs yn Ljouwert de Fryske Anjer krige. De priis wurdt alle jierren útrikt oan persoanen, ferienings of ynstellings dy't har op bysûndere wize ynset hawwe foar de Fryske taal. Kommissaris fan de Keninginne Nijpels spjelde Smilde de Fryske Anjer op. Smilde (85) hat de bibel en it Lieteboek foar de Tsjerken yn it Frysk oerset, en ek sels komponearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)