Rjochtsaak oer strjitrace

13 okt 2006 - 15:57

Twa jonge manlju moatte tongersdei foar de rjochtbank yn Ljouwert ferskine fanwege in strjitrace. Dêrby rekke in frou dea. Dat hat justysje bekendmakke.

De beide manlju rieden yn juny om it hurdst troch de Fryske haadstêd. Op 'e krusing Spanjaardsleane Rengersleane stuts de frou oer op 'e fyts en waard se skept. Justysje wol beide manlju ferfolgje foar 'deaslach yn ferieniging'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)