Bosvelt net tsjin Heracles

© Omrop Fryslân
Trainer Gertjan Verbeek fan Sportklub Hearrenfean kin snein tsjin Heracles net beskikke oer Paul Bosvelt. De middenfjilder leit mei gryp op bêd. Nei alle gedachten is Michael Bradley syn ferfanger, mar ek André Hanssen en Abdelkarim Kissi kinne dêr spylje.
Ferdigener Gianni Zuiverloon is ek net hielendal fit. Hy hat lêst fan 'e rêch, knibbel en it ankel mar kin snein wol spylje. Fierder is de seleksje fan Hearrenfean folslein fit.