Nije app fan Omrop Fryslân

Nije apps Omrop Fryslân
De nije app fan Omrop Fryslân foar iPhone- en Android-tastellen is no te downloaden. Nei de fernijde website fan de Omrop, is der de lêste tiid hurd wurke om ek de app te fernijen. De fernijde applikaasje bringt al it Fryske nijs direkt by de minsken, altyd foar de hân, altyd up-to-date.
De nijsberjochten binne foarsjoen fan foto’s, audio en/of fideo. Fansels is ek it aktuele waarberjocht fan Piet Paulusma yn de app te besjen, mei de foarútsjoggen en de buieradar.
Fia it menu op jo telefoan, kinne jo kieze foar it algemiene nijs of it sportnijs, mar ek kinne jo mei de app altyd en oeral live sjen nei Omrop Fryslân Televyzje en live harkje nei Omrop Fryslân Radio (92.2FM).
De applikaasje kin oanpast wurde nei elk syn ferlet. Fia it menu ‘Mear’ kin de kategory fan jo kar yn de menubalke sleept wurde. Bygelyks plysjeberjochten, polityk nijs, berjochten oer ferkear en ferfier, kultuer, ekonomy, ensafuorthinne.