Dielnimmers Liet oankommen

Yn Laplân druppelje de dielnimmers foar it minderheidstalefestival Lavlut sa stadichoan binnen. Earder dizze wike kaam al de Fryske dielnimmers, de band Van Wieren, oan. Ek in soad sjoernalisten binne al yn Sweden.
De measte pommeranten komme freed. Sneon it songfestival foar Europeeske minderheidstalen. It festival is te folgjen op www.liet.nl. Sjoggers kinne ek sa stimme foar de publykspriis, tusken 20.30 en 21.00.