Museum nachts iepen foar bern

13 okt 2006 - 13:01

125 bern fan 8 oant 12 jier kinne sneon 21 oktober meidwaan oan de Juniormuseumnacht by it Frysk Museum. De nacht stiet yn it ramt fan 'e Wike fan 'e Skiednis.

De Juniormuseumnacht wurde hâlden yn it ramt fan it 125-jierrich bestean fan it museum. De hiele jûn binne der foar de bern in protte aktiviteiten. Sa is der in spannende avontueretocht troch it museum. Ek wurdt it teaterstik 'Boven Water' opfierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)