'Needprovinsjehûs djoerder'

13 okt 2006 - 12:36

De provinsje rint mooglik finansjele risiko's mei de tydlike húsfesting fan it Provinsjehûs oan 'e Snitsertrekwei yn Ljouwert. Dat fynt de FNP yn 'e Steaten.

Der leit in kontrakt foar trije jier, mei in opsje foar ferlinging. Mar neffens it FNP soe dêrfoar in twa kear sa hege priis betelle wurde moatte. De FNP is benaud dat de kosten fan it needkantoar folle heger wurde as de begrutte 13 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)