Heech kursusplak Wettersportbûn

13 okt 2006 - 11:55

Heech wurdt trainingplak foar assistint-wedstriidlieder yn 'e hurdsilerij. It Fryske doarp is ien fan 'e trije plakken yn Nederlân dêr't sa'n training oanbean wurdt en it iennige plak yn it Noarden.

It lanlik Wettersportbûn set de kursussen op. De trainingsdagen binne yn novimber en desimber. Der is hieltyd mear ferlet fan dit soarte fan assistinten by grutte eveneminten lykas as de Snitswike.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)