Tsjerke op it Hearrenfean klear

13 okt 2006 - 06:47

De Apostolyske Mienskip op It Hearrenfean hat mear romte. Sneon is de offisjele oplevering fan de opknapte tsjerke. De moetings- en ûntfangstromten binne grutter wurden en rommer fan opset. De romtes kinne ek tsjinst dwaan as wyksintrum foar de wyk Hearrenfean Midden.

Al mei al is der foar oardel miljoen euro oan it gebou út 1968 fertimmere. De Apostolyske Tsjerke op It Hearrenfean hat goed 230 leden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)