Takomstdebat noch net populêr

De earste publike byienkomst fan it grutte provinsjale takomstdebat Fryske Fiersichten yn Snits hat tongersdeitejûn net in soad minsken lutsen. It debat is bedoeld om út de boargers wei ideeën op te dwaan oer hoe't Fryslân der yn it jier 2030 útsjen moat.
Der komme noch byienkomsten yn ûnder oaren Ljouwert, Drachten en Amsterdam. De byienkomst yn Amsterdam is bedoeld foar Friezen om utens.