Achtkarspelen lulk op KvK

© Omrop Fryslân
De gemeente Achtkarspelen is lulk op de Keamer fan Keaphannel. Yn in rapport oer de hegere ûnreptlikguod-tariven skriuwt de Keamer fan Keaphannel dat dy foar bedriuwsgebouwen yn Achtkarspelen mei 25% omheechgien is.
Neffens de gemeente doge de sifers net en wurdt Achtkarspelen no as djoere gemeente bestimpele. Oft de gemeente ek noch aksje ûndernimt tsjin de Keamer is net dúdlik.