Mear dwaan oan keunststúdzjes

12 okt 2006 - 22:35

Musea yn Fryslân en de Fryske Akademy moatte mear dwaan om stúdzjes nei Fryske keunst te stimulearjen. As dat net bart, bestiet de kâns dat de Fryske kultuer yn de takomst folslein ferdwynt.

Dat sei skriuwer en ûndersiker Sytse ten Hoeve tongersdei by de útrikking fan de Joast Halbertsmapriis. Mei fiif oaren krige er dy priis foar in searje fan sân boeken oer de ûntwikkeling fan Frysk ierdewurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)