Plysjepet Marc Jacobs stellen

12 okt 2006 - 17:18

De plysjepet fan de Ljouwerter plysjesjef Marc Jacobs is stellen. Dat barde woansdeitejûn by in ynformaasjebyienkomst foar boargers oer in brûkersrûmte foar heroïneferslaafden yn Ljouwert.

Jacobs is fuortendaliks op syk gien nei syn pet, mar hat him net werom fûn. De plysjesjef tinkt dat de emoasjes by de bewenners wolris de oarsaak wêze kin fan de ferdwining. Der is yntusken in nije pet besteld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)