Parkoers Ljouwert-maraton bekend

12 okt 2006 - 17:06

It parkoers fan de maraton fan Ljouwert is tongersdei bekendmakke. De rûte giet foar in grut part troch de binnenstêd fan Ljouwert.

Om't grutte diken en brêgen ûntsjoen wurde, wurde der gjin ferkearsproblemen ferwachte. Op 'e site www.marathonvanleeuwarden.nl kinne minsken it parkoers besjen en harren ynskriuwe foar de maraton. Njonken de maraton wurde der ek oare aktiviteiten organisearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)