Hearrenfean helpt wurkleazen

© Omrop Fryslân
De gemeente It Hearrenfean en sportklub Hearrenfean helpe wurkleazen mei in bystânsútkearing om oan wurk te kommen. Dat kin ûnder oare mei help fan sponsors en de ûndernimmersferiening fan Hearrenfean.
De gemeente sil fierders sa'n 70 wurksikers trainings jaan. Dat bart op it mêd fan bygelyks sollisitaasje- begelieding en talintûntwikkeling. Ferwachte wurdt dat sa'n 40 fan de 70 minsken wurk fynt.