Nije FF-fabryk yn Vietnam

12 okt 2006 - 15:12

Suvelfabrikant Friesland Foods bout in nije fabryk yn Vietnam. De komst fan it fabryk is needsaaklik, omdat de ferkeap fan suvelprodukten lykas jochurt en molke flink tanimt. It fabryk smyt 225 ekstra meiwurkers op.

Tsien jier ferlyn begûn Friesland Foods syn earste ôfdieling yn Vietnam. Dat kantoar bliuwt yn it suden fan it lân. It nije kantoar komt yn it noarden, yn it plak Phu Ly.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)